Iepen dei by rjochtbank

09 nov 2002 - 00:00

In soad bern wiene sneon te finen yn de Ljouwerter rjochtbank. Net om terjocht te stean, mar as besikers fan de iepen dei fan de rjochtbank. De jeugd stiet dit kear sintraal op de iepen dei.

Yn it gerjochtsgebou oan it Zaailand en it Paleis van Justysje oan it Wilhelminaplein waarden sittings neispile en koene minsken ynformaasje krije by kreamkes. Der wiene seistûzen besikers. Twa jier lyn hold justysje foar it lêst in iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)