Iepen dei by Ljouwerter fuotbalklup SC Cambuur

01 aug 2015 - 12:26
  • Iepen dei Cambuur
  • Iepen dei Cambuur
  • Iepen dei Cambuur
  • Iepen dei Cambuur

SC Cambuur hat sneon iepen dei. Besikers kinne de spilersbus besjen en it stadion. Ek wurde de spilers presintearre en foar bern binne der tal fan aktiviteiten lykas pannafuotbal en penalty sjitte. En fansels diele de Ljouwerter fuotballers hantekeningen út.

De technyske stêf, spilers en trener kamen út in hiele grutte Aldehou dy't midden op it fjild oerein stie. Der soenen sa'n 6.000 besikers wêze. Nije wike begjint de fuotbalkompetysje. As earste stiet de útwedstriid tsjin PEC Zwolle op it programma.

De grutte belangstelling by de iepen dei lit sjen dat der romte en draachflak is foar in nij stadion by it WTC Expo yn Ljouwert. Dat fynt foarsitter Ype Smid. Op dit stuit wurde bedriuwen en winkels socht dy't har fêstigje wolle yn it nije stadion. Sa soe it finansjele plaatsje fan 45 miljoen euro rûn makke wurde moatte. Smid is noch hieltyd like posityf as in pear wike lyn, doe't it stadionplan presintearre waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)