Iepen dei Lânboumuseum Eksmoarre

19 jul 2003 - 00:00

Yn it ramt fan 'it jier fan de pleats' wurdt sneon yn it Frysk Lânboumuseum yn Eksmoarre in iepen dei hâlden. Besikers kinne op ferskate wizen yn de kunde komme mei de lânbou. Sa binne der trije útstalllings en kinne besikers sjen hoe't kij eartiids molken waarden.

Ek by de swierrichheden dêr't de lânbou hjoeddedei mei te krijen hat, wurdt stilstien. It lânboumuseum ferwachtet sneon sa'n 500 belangstellenden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)