Iepen dei KNRM súkses

03 maaie 2009 - 13:34
  • De iepen dei yn Lauwerseach

De iepen dei fan de Keninklike Rêdingsmaatskippij hat op Skiermûntseach sneon sa'n 700 besikers lutsen. Lykas by de oare rêdingsstasjons lâns de kusten fan de Noardsee, Waadsee en de Iselmar hie it stasjon sneon iepen hûs.

Op Skiermûntseach stie wer it priuwen en ûnderfinen fan de mooglikheden fan it farrend materieel sintraal. Op fertoan fan har donateurskaart of in ynfolle oanmeldingskaart koene de besikers meifarre op de rêdingsboaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)