Iepen dei IPC grut sukses

21 apr 2002 - 00:00

De iepen dei fan IPC-plant en dier wie in grut sukses. Sa'n 3500 minsken binne sneon nei Oentsjerk gongen om it sintrum foar praktykopliedingen te besjen. De organisaasje wie bliid ferrast om't op 1500 belangstellenden rekkene wie.

Ferline jier gie de iepen dei net troch fanwegen de tongblierkrisis. Dit jier lutsen fral jonge bisten en de moderne molkmasine nijsgjirrige besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)