Iepen Dei by Hearrenfean

19 okt 2004 - 10:31

Hy wie wat let, mar it súkses wie der net minder om: de Iepen Dei fan fuotbalklub Hearrenfean. Meastal hâlde clubs har iepen dei yn de simmer, mar doe wie de nije tribune fan it Abe Lenstrastadion noch net klear.

De earste dei fan de hjerstfekânsje like in moai alternatyf en dat bliek in skot yn de roas. De organisaasje waard oerrompele troch de grutte tarin. Nei skatting kamen sa'n tolvetûzen minsken op de iepen dei ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)