Iepen dei Harnzer ôffaloven

11 des 2010 - 13:22

It publyk krijt sneon foar it earst te sjen hoe't de ôffaloven yn Harns derút sjocht no't er folslein klear is. Sa'n 250 minsken hawwe har opjûn foar in rûnlieding yn de reststoffe-enerzjysintrale fan Omrin. De sintrale is klear om ôffal fan Fryske gemeenten te ferbrânen en dit om te setten yn enerzjy foar sâltfabryk Frisia.

Moandei tsjinnet noch in saak tsjin de skorsing fan de miljeufergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)