Iepen dei Gild Fryske Mounders

10 apr 2005 - 12:29

De iepen dei fan it Gild Fryske Mounders, yn it Noarden fan Fryslân, hat sneon 10 oant 15 gadingmakkers opsmiten foar it fak fan mûnder. De iepen dei waard hâlden yn seis mûnen, ûnder oare yn Stiens, Skalsum en Broeksterwâlde.

By it Gild bestiet grut ferlet fan nije minsken. Takom wike sneon begjint in searje fan fjouwer proeflessen foar de potinsjele mûnders. Yn maaie wurdt in iepen dei hâlden yn Súd-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)