Iepen dei by fiskhevel Roptasyl

08 apr 2006 - 17:00

De fiskhevel by Roptasyl hold sneon iepen dei. Seis jier ferlyn waard de fiskhevel ferpleatst om't ferskate fisksoarten de Fryske wetters net mear binnen komme koene. Troch de komst fan de diken kinne de glêsiel en de trijetoarnige stikelbears har wei hast net mear fine nei it binnenwetter.

Mei de iepen dei woe Wetterskip Fryslân mei it bûn fan beropsfiskers en de angelsportfederaasje de problemen oan it ljocht bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)