Iepen dei Eye4Care goed besocht

15 maaie 2004 - 00:00

Mear as 200 belangstellenden ha sneon de iepen dei fan Eye4Care yn Harns besocht. Eye4Care is in praktyk foar oanfoljende genêswizen. De praktyk kaam ferline jier yn opspraak om't pasjinten troch de behannelingen bliuwende skea oprinne soene.

De ynspeksje hat oanjefte dien by de offisier fan Justysje yn Ljouwert. De massale media-oandacht en negative berjochtjouwing ha funest west foar de klandyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)