Iepen dei by Empatec

01 okt 2011 - 13:19

Empatec docht it goed. De begrutting fan de sosjale wurkfoarsjenning is slutend. In soad meiwurkers krije nei in perioade by Empatec in baan by gewoane bedriuwen. Yn Snits is sneon in iepen dei om sjen te litten watfoar wurk Empatec docht en wat it personiel foar bedriuwen betsjutte kin.

By Empatec wurkje 1800 meiwurkers. It bedriuw krijt jild fan 13 Fryske gemeenten. Doel is om minsken oan it wurk te krijen, oars komme se yn de bystân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)