Iepen dei by de einekoerflechters yn Poppenwier

27 feb 2016 - 12:14
  • Op de iepen dei is fan alles te sjen oer einekuorren

Yn Poppenwier is sneon de Iepen Dei fan de Fryske Feriening fan Einekoerflechters 'De Strampel úteinset. Yn Doarpshûs De Trilker kinne besikers njoggen flechters oan it wurk sjen. Der wurde kuorren makke fan reid, mar ek fan klaai en reid, fan reid en flaaks en fan wylgetakjes en pakjetou. Der binne ek in soad einekuorren te keap.

De Fryske Feriening fan Einekoerflechters bestiet sûnt 2012 en is oprjochte troch Gjalt de Groot fan Holwert. De tradysje fan einekoerflechtsjen is al iuwenâld en de feriening wol dit ambacht yn it libben hâlde.

Oant no ta slagget dat goed, ferline jier hat de feriening oan 600 minsken lesjûn en hawwe se it 81e lid ynskreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)