Iepen dei by Cambuur

02 aug 2014 - 13:14
  • Lucas Bijker mei twa froulike fans

Yn it Cambuurstadion is sneontemiddei om 12 oere de iepen dei fan de fuotbalklup úteinset. Minsken kinne in rûnleiding troch it stadion krije, op de foto mei de spilers en hantekens krije. Op dizze dei wurde ek de nije spilers offisjeel presintearre. Sy wurde mei in kraan oer de haadtribune hinne tild en op it fjild 'ôfset'.

Oanslutend oan de iepen dei spilet Cambuur oan de ein fan de middei de lêste oefenwedstriid, tsjin FC Emmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)