Iepen dei Bridges súkses

29 jul 2008 - 20:40
  • De Bridges-minsken toane har guod
  • Wurkje oan konstruksjes

De iepen dei fan it ynternasjonale kongres Bridges op tiisdei hat neffens de organisaasje in pear tûzen besikers lutsen. Dêrmei is de organisaasje tefreden. Ut hiel Nederlân kamen der minsken op it evenemint yn de Grutte Tsjerkstjitte ôf.

Ljouwert wie de ôfrûne wike de haadstêd fan de wrâld as it giet om keunst en wiskunde. Fanút de hiele wrâld kamen keunstners en wiskundigen. It kongres is no ôfrûn, de eksposysjes binne der noch oant en mei 10 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)