Iepen dei bijehâlders

12 jul 2014 - 13:14
  • Blom en bij

De bijen hawwe it dreech fanwege lânboufergif en oare ferfelende saken, mar dochs dogge se it dit jier goed. Dat seit ymker Auke Sikma op de iepen ymkerijdei yn De Krûdhôf yn Bûtenpost. Op mear as twahûndert plakken yn Nederlân kinne minsken mei bijehâlders meirinne om yn de bijekasten te sjen. Doel is om de minsken te fertellen hoe wichtich oft bijen binne foar beammen, planten en foar it iten.

Ferline jier kamen yn it hiele lân 30.000 besikers op de iepen dei fan de ymkers ôf. Yn Bûtenpost hiene se trijhûndert oer de flier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)