Iepen dei basketbalklub Aris

28 sep 2008 - 15:21

Op de iepen dei fan basketbalklub Aris yn Ljouwert wiene sneintemiddei ek fiif spilers dy't in kontrakt ha by Eiffeltowers út Den Bosch. Aris en Eiffeltowers ha in gearwurkingsferbân wêrtroch jonge spilers fan de mearfâldich Nederlânsk kampioen no yn Ljouwert spylje.

Dat binne twa bûtenlânske talinten: Kevin Steenberge en Tristan Blackwood en trije Nederlânske: Bob van den Enden, Patrick Frimpong en Sonny Waaldijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)