Iepen dei by archeologysk ûndersyk Blitsaerd

27 jun 2015 - 11:23
  • Yn dizze sleuf binne de bysûndere fynsten oantroffen

De bysûndere archeologyske fynsten yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd binne sneon troch eltsenien te bewûnderjen, want it is iepen dei. De Ryksuniversiteit Grins hat hjir de lêste wiken in terp ûndersocht en der is hiel wat boppe wetter kommen. Sa binne spoaren ûntdutsen fan bewenning út de fjirde en tredde ieu foar Kristus. Dat is unyk foar Noard-Nederlân.

Der is fersierd diggelguod opgroeven en der is ek in húsplattegrûn oantroffen. De ferwachting is dat der tusken de fiifhûndert en tûzen minsken op de iepen dei ôfkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)