Iepen dei Antoniussikehûs

02 nov 2003 - 00:00

De iepen dei fan it Antoniussikehûs yn Snits luts sneon sa'n 2000 belangstellenden. It sikehûs hold de dei fanwege har 100-jierrich bestean. De dei wie de ôfsluting fan de jubileumaktiviteiten.

Op de rûte troch it sikehûs koene je ûnder oare paprika's ynwindich ûndersykje. In soad belangstelling luts de SAR-helikopter, dy't yn groepen besjoen wurde koe. Guon koene sels even op de stoel fan de piloat sitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)