Iepen dagen mineralemuseum

03 jun 2007 - 17:42

Fossilen fan miljoenen jierren âld, edelstiennen, en in grut ferskaat oan mineralen. It wie dit wykein allegear te sjen op de iepen dagen fan it mineralogysk museum yn Grou.

Yn it museum waarden dit wykein twa jubilea fierd: dat fan it museum sels, dat fiif jier bestiet, én dat fan de Fryske ôfdieling fan de stifting geologyske aktiviteiten, GEA. Dy bestiet no 35 jier. De iepen dagen lutsen in lytse 150 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)