Iensidich ûngemak yn Dronryp

12 des 2004 - 17:52

In ynwenner fan Minnertsgea seach sneintemiddei troch de leechsteande sinne de minirotonde by de Rypsterdyk yn Dronryp oer de holle. Hy kaam út de rjochting fan Menaam en fleach rjochttroch de rotonde op.

It ûngemak wie iensidich en der rekke net ien ferwûne. De plysje kaam der wol by. De auto is weromlutsen op de dyk. De bestjoerder ferklearre dat er mei de rutewisser dwaande wie. Troch de sinne hie er de rotonde net sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)