Iensidich ûngemak op A32

16 okt 2004 - 15:47

By in iensidich ûngemak op de A32 tusken Wolvegea en It Hearrenfean is freed in 35-jierrige man út Arnhem ferwûne rekke. De man wie ûnderweis nei syn fakânsje-adres, mar bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm.

Dêrnei botste de auto tsjin de fangrail en sloech oer de kop. De brânwacht waard oproppen om it slachtoffer út de auto te seagjen. De plysje hat de A32 tydlik ôfsletten om de ravaazje op te romjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)