Iensidich ûngemak by Langsweagen

12 feb 2006 - 16:04

In 35-jierrige man út Langsweagen is syn rydbewiis kwytrekke nei't er sneontejûn op de Hegedyk neist de dyk bedarre mei syn auto. De man ried fan De Gordyk nei Langsweagen doe't er yn de bjirm tsjin in reklameboerd ried.

Dêrnei rekke er in hage en fleach oer de kop. Hy kaam telâne yn in tún wêrby't ferskate beammen, strúkjes en in brievebus omgongen. De man hie ferwûnings oan de holle. Neffens de plysje hie de man in slok op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)