Iensidich ûngemak Ingwierrum

26 jul 2009 - 16:02

Der hat sneontemiddei in iensidich ûngemak plakfûn op de Saastenwei yn Ingwierrum. In bestjoerder (55) fan Gouda ried yn selskip fan noch fjouwer oaren, yn de rjochting fan Eanjum doe't er troch ûnbekende oarsaak, de kontrôle oer it stjoer ferlear.

Hjirtroch kaam er yn de berm en úteinlik mei de achterside yn de sleat telâne. Fjouwer passazjiers koene sels út de auto komme. Twa froulju út Gouda binne nei it sikehûs brocht. Se mochten nei kontrôle wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)