Iensidich ûngelok yn Droegeham

18 jun 2006 - 09:00

In 21-jierrige ynwenner fan Surhústerfean is freed by in iensidich ûngelok yn Droegeham ferwûne rekke. De man foel yn sliep, sloech oer de kop en bedarre mei de auto yn de sleat.

De man waard mei ferwûnings oan de nekke nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten brocht. De plysje hat him in bloedproef ôfnommen, omdat it idee bestie dat er dronken hie. De plysje docht noch ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)