Iensidich ûngelok by Sint Nyk

23 mrt 2011 - 22:30

By in iensidich ûngelok op de A6 by Sint Nyk binne woansdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. De auto dêr't trije minsken yn sieten is troch noch ûnbekende oarsaak oer de fangrail sketten. De auto fleach dêrby oer de kop.

De helptsjinsten hawwe de minsken út de auto helle. Twa fan harren wiene ferwûne, mar it ambulânsepersoniel hat se foar de wissichheid alle trije meinommen nei it sikehús. It ferkear hat net folle lêst hân fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)