Iensidich ûngelok op De Lemmer

11 okt 2006 - 10:35

In 23-jierrige automobilist fan De Lemmer is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Suderseewei op De Lemmer. De bestjoerder kaam troch noch ûnbekende oarsaak mei de auto yn de bjirm terjochte.

Hy ferlear hjirtroch de macht oer it stjoer, rekke de fangrail en kaam ta stilstân tsjin in stek. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)