Iensidich ûngelok by Koatstertille

04 okt 2015 - 14:27

By Koatstertille hat sneintemiddei op de N369 in iensidich ûngelok west. Troch ûnbekende oarsaak kaam de auto yn de greppel telâne. Yn de auto sieten twa persoanen. Beide ynsittenden rekken ferwûne, wêrfan ien slim. Ien siet fêst yn de auto en is troch de brânwacht befrijd. Tal fan helptsjinsten binne oanwêzich. Ek de traumahelikopter is derby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)