Iensidich ûngelok by Droegeham

21 jan 2014 - 15:24

In 19-jierrige man út Achtkarspelen is moandei nei in 'black out' ferwûne rekke by in ûngelok op de Lândyk by Droegeham. De man kaam mei syn auto yn de berm telâne, besocht dit te korrizjearjen en skeat de dyk oer. De auto kaam mei in klap ta stilstân yn de oare berm.

De plysje ûndersiket oft de man drugs brûkt hat. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)