Iensidich ûngelok by Donkerbroek

25 nov 2006 - 13:01

By Donkerbroek is yn de nacht nei sneon in autobestjoerder (24) út Easterwâlde slim ferwûne rekke. It ûngelok barde op de provinsjale dyk Drachten-Appelskea, de N381. De man rekke mei syn auto trije beammen. De auto spatte yn trije stikken útinoar.

Plysje en helpferlieners troffen de man oan yn it achterste part fan de auto. In dokter dy't tafallich delkaam joech earste help. Is slachtoffer is nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)