Ienmiljoenste feemerkbist

20 jan 2012 - 12:21

Op de Ljouwerter feemerk wurdt op 9 febrewaris it ienmiljoenste bist yn tsien jier tiid ferkocht. Tsien jier ferlyn naam de stifting Veehandel Centrum Noord Nederland de feemerk oer. Lange tiid wie it fanwege de tongblierkrisis ûnwis oft Ljouwert de feemerk hâlde soe. Mei help fan de provinsje en de gemeente kaam earst de keallehannel fan de grûn, letter folge troch de kij- en skieppemerk.

De stifting seit dat it yn stân hâlden fan de Ljouwerter feemerk yn it FEC in weardefolle ûndernimming west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)