Ienheid yn hier sportfjilden

04 okt 2013 - 08:12

De hier foar sportakkommodaasjes yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt lyklutsen. Op dit stuit betelje sportferienings net deselde hier, omdat noch de bedraggen hantearre wurde fan de gemeenten dy't yn Súdwest-Fryslân opgong binne. De kommende trije jier komt dêr feroaring yn, sa hawwe boargemaster en wethâlders besletten. Dat betsjut dat foar de iene feriening de hier omleech giet, wylst de oare mear betelje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)