Ienheid yn toeristebelesting

19 nov 2013 - 19:22

De ferskillen yn de toeristebelesting yn Súdwest-Fryslân wurde, as it oan boargemaster en wethâlders leit, minder grut. It kolleezje stelt de rie foar om eigeners fan boaten mei in fêst lisplak mear betelje te litten, wylst de toeristebelesting op steancaravans en fakânsjewenten wat omleech giet. Boargemaster en wethâlders wolle sa de toeristebelesting mear lyklûke.

It kolleezje is net benaud dat eigeners fan boaten nei omlizzende gemeenten útwike, omdat it gean soe om in ferheging fan mar in pear tientsjes.

De havens yn Súdwest-Fryslân binne nei de ferheging noch hieltyd de goedkeapste oan de Iselmar, sa sizze boargemaster en wethâlders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)