Ienfâldige 7-0 winst Cambuur

11 jul 2014 - 21:03
  • SC Cambuur

In ienfâldige oerwinning freed foar SC Cambuur, dat mei 7-0 wûn fan Koatstertille. De Ljouwerters fan trainer Henk de Jong rûnen foar rêst al út nei in komfortabele 5-0 rêststân. De treffers yn de earste helte kamen op namme fan Oliver Feldballe, Michiel Hemmen, Erik Bakker en twa fan proefspiler Gianluca Nijholt.

Nei rêst wienen de Ljouwerters lykwols in stik minder skerp. De einstân bleau troch in treffers fan Hemmen en Bartholomew Ogbeche beheind ta 7-0.

Sneon spilet Cambuur in oefenwedstriid tsjin FVC op sportpark Wiarda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)