Ienfâld nije Paus sprekt oan

13 mrt 2013 - 23:25
  • De nije Paus op it balkon

By in soad Fryske katolike tsjerken binne woansdeitejûn de klokken let yn ferbân mei de ferkiezing fan de nije paus. Dy paus is foar it earst in man fan Latynsk-Amerikaanske komôf, de Argentyn Jorge Mario Bergoglio. In soad Fryske katoliken sille har oansprutsen fiele troch de ienfâld fan dizze man, ferwachtet regiofikaris Arjen Bultsma. Hy is sis mar de rjochterhân fan biskop De Korte. Neffens Bultsma is it bygelyks bysûnder dat de nije paus fuortdalik it folk op it plein foar de Sint Piter taspruts yn it Italiaansk. 

Ald-pastoar Jan Romkes van der Wal sjocht dêryn in sinjaal dat de nije paus mooglik romhertiger tinkt oer it brûken fan it Frysk yn de katolike tsjerke. De bern fan de katolike Sint Thomansskoalle fertelle wat se fine fan de nije paus Franciscus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)