Ien wike boargerwacht Sint Nyk

03 mrt 2012 - 07:52

Sint Nyk hat no in wike in boargerwacht en sûnt dy tiid is der net ynbrutsen. Groepkes frijwilligers hâlde sûnt in wike strjitten en huzen yn it doarp yn de gaten. Oanlieding is it grutte oantal ynbraken yn it doarp. De lêste moannen komt soks gemiddeld wol ien kear yn 'e wike foar.

Omdat der yn Skarsterlân mar ien plysjeauto is foar alle doarpen, fine de ynwenners dat se de boel sels mar yn de gaten hâlde moatte. Se meie gjin minsken oanhâlde, mar fertochte auto's achterfolgje en yntusken de plysje warskôgje mei wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)