Ien wetterbehearder op Skier

22 maaie 2010 - 13:04

Troch in yntinsive gearwurking tusken Vitens en Wetterskip Fryslân, hat Skiermûntseach sûnt freed ien persoan dy't folslein ferantwurdlik is foar de hiele wetterketen op it eilân. De meiwurker hâldt tafersjoch op de drinkwetterproduksje, it suverjen fan ôffalwetter, it peilbehear en de dykbewaking. Skiermûntseach rint dêrmei foarop yn Nederlân.

Freed waard it foar 2,6 miljoen euro renovearre drinkwetterbedriuw op it eilân iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)