Ien VVV foar Lauwersmargebiet

25 feb 2004 - 00:00

De leden fan VVV Noardeast-Fryslân binne posityf oer de fúzjeplannen mei twa oare VVV's. De plannen foar in fúzje mei it VVV Lauwersmar-East en it VVV Marengebiet yn Grinslân binne tiisdei presintearre.

Mei dy fúzje ta ien VVV-Lauwersmar wurdt it wurkgebiet útwreide. Der is wol draachflak foar, ek by de belutsen gemeenten. As de fúzje rûn is, komt der in marketeer dy't it Lauwersmargebiet toeristysk op de kaart sette moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)