Ien toeristyske webside

16 jan 2012 - 14:05

Foar it earst komt der yn Fryslân ien website dêr't echt alle toeristyske attraksjes en bedriuwen op stean. It giet om in inisjatyf fan de nije VVV Fryslân. Oant no ta wiene der in soad losse sites, lykas De Marrekrite en Fryslân Marketing.

Op de nije site moatte hotels, restaurants en musea de ynformaasje sels byhâlde. Se krije dêrfoar in ynlochkoade fan de VVV. Doel is dat de gegevens net allinnich foar de site brûkt wurde, mar ek foar oare publikaasjes, lykas toeristyske gidsen en applikaasjes foar de mobile telefoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)