Ien Syriër yn opfang Burmania

04 nov 2004 - 15:10

Iensum en allinnich. Sa moat de Syriër him fiele dy't de iennichste bewenner is fan it nije tydlik ûnderdaksintrum yn Ljouwert. De man is woansdei oankommen en bewennet ien fan 'e 27 karavans fan it eardere azc Burmania.

Der wurde de kommende dagen en wiken noch mear asylsikers ferwachte, want mear as 150 minsken ha harren melden foar in plakje. It sintrum is foar minsken dy't frijwillich werom wolle nei it lân dêr't se weikomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)