Ien supportersklub Cambuur

22 jul 2008 - 08:55

Kern van Cambuur, dat is de nije namme fan de supportersklub fan Cambuur. It giet om in fúzje fan de vriendenclub Cambuur en supportersklub Cambuur. Kern van Cambuur rjochtet him op de stadionbesykjende supporter. Mei de namme wolle de supporters dúdlik meitsje dat se de kearn fan Cambuur binne.

Troch de fúzje sil Kern van Cambuur san 100.000 euro per jier fertsjinje. Dat wurdt ôfdroegen oan fuotbal club Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)