Ien punt Fryske haadklassers

19 sep 2010 - 17:59

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei yn de haadklasse C it earste punt pakt tsjin it Grinzer Be Quick 1887. Yn it skoft stie it 1-0 foar Be Quick, mar troch in goal fan Freerk de Jong waard it noch in lykspul foar de Snitsers.

Yn deselde haadklasse hat FVC út Ljouwert yn Enschede kânsleas mei 4-0 ferlern fan Rigtersbleek. De Twentenaren skoarden foar de rêst fral út standerd mominten. Snits WS en FVC bongelje mei in alfde en trettjinde plak ûnderoan yn 'e list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)