Ien pealsitter oer yn Warns

08 sep 2008 - 07:51

Der is noch mar ien pealsitter oer yn Warns, dêr't freedtejûn noch acht dielnimmers begûnen oan it Frysk kampioenskip pealsitten. Sneintejûn wiene der noch twa pealsitters oer, mar fan 'e moarn betiid seach ien fan harren it net mear sitten.

Om it rekord nei Warns werom te heljen, moat de lêste pealsitter wol oant healwei trijen fan 'e middei sitten bliuwe. It rekord stiet op 65 oeren en 47 minuten en is festige yn Kollum earder dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)