Ien op 'e tsien bekeurd yn Snits

08 des 2005 - 13:35

By in ferkearskontrôle yn Snits hat de plysje woansdei ien op de tsien bestjoerders in bekeuring jûn. De plysjes stiene op de Singel. Mei-inoar 430 bestjoerders waarden oanhâlden. Fan harren krigen 43 in boete.

De measten hiene de autorimen net om, oaren rieden in wei yn dêr't in ynrydferbod jildt. Fierders waarden in stik as wat brommerriders bekeurd en krige ien autobestjoerder in boete omdat er net hands-free belle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)