Ien op de sân Friezen kin net goed lêze en skriuwe

09 sep 2015 - 14:12

Der binne noch altyd in soad Friezen dy't har skamje foar it feit dat se net goed lêze en skriuwe kinne. Dat seit Rommy van Lingen fan it Friesland College. Op ferskate plakken yn de provinsje jout it Friesland College les oan folwoeksenen dy't muoite ha mei lêzen en skriuwen.

Ien op de sân Friezen tusken de 16 en 65 jier kin net goed lêze en skriuwe. Dat is mear as yn de rest fan it lân. Der binne gemiddeld mear minsken mei in lege oplieding as yn oare provinsjes.

Hieltyd faker moatte minsken lykwols formulieren ynfolje of krije se skriftlik ynformaasje tastjoerd.

Skamte is net nedich, fynt Van Lingen. Sy ropt minsken op om har op te jaan foar de lessen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)