Ien op de njoggen middelbere skoallelearlingen wurdt pest

19 apr 2016 - 15:03

Ien op de njoggen jongeren op de middelbere skoalle wurdt wolris narre. Dat docht bliken út in grut ûndersyk ûnder hûnderttûzen bern. Under dat narjen falt bygelyks skelle, rabje, ferfelende berjochtsjes stjoere, of ien bûtenslute.

Jonges peste faker as famkes. Famkes binne faker it slachtoffer fan cyberpesten, dus narje fia bygelyks facebook of whatsapp. It ûndersyk is dien troch it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, yn gearwurking mei de GGD's.

Beyers Naudé Ljouwert

Nienke Eigelaar begeliedt learlingen fan it Beyers Naudé gymnasium yn Ljouwert. Sy wit dat der pest wurdt op har skoalle, mar tinkt dat it by minder learlingen is as ien op de njoggen. Eigelaar hat net it idee dat der op it gymnasium minder pest wurdt as op it vmbo. "Der wurdt op in oare wize pest, mear ferbaal en net sa iepenlik."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)