Ien op de fjouwer âlderen sit yn jildpine troch soarchkosten

18 apr 2016 - 16:57

Hieltyd mear âlderen hawwe finansjele soargen. Dat docht bliken út in lanlike stekproef fan âldereinbûn ANBO. Fjouwer fan de tsien âldere minsken kinne dreech rûnkomme. Dat wurdt allinnich mar slimmer, warskôget Liana den Haan fan de ANBO. Benammen âlderen mei hege soarchkosten en in tuskenynkommen hawwe it dreech. De leechste ynkommen krije taslagen en sy net.

De ANBO fynt dat âlderen mei jildpine kompensaasje krije moatte. Neffens Den Haan kin de AOW net samar omheech om't net alle âlderen it jild nedich binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)