Ien oanhâlding by plysje-aksje tsjin 'mobyl banditisme'

02 okt 2015 - 12:30

By de grutte aksje fan de plysje tsjin mobyl banditisme yn en om Ljouwert is tongersdei ien man oanhâlden. Hy joech in falske namme op omdat hy gjin rydbewiis hie. Ferskate bestjoerders hiene boetes iepen stean. Dêr siet ek in boete by fan 14.000 euro. Omdat de man dy boete net betelje koe, is syn auto yn beslach naam.

De plysje hat derneist noch trije auto's yn beslach naam fan oare minsken dy't harren boete net betelje koene en der is in soad ynformaasje sammele dy't de plysje yn de takomst brûke kin by ferskate ûndersiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)