Ien miljard nei Fryske ekonomy

06 nov 2013 - 19:30

Provinsjale Steaten ha tongersdei grien ljocht jûn foar it útjaan fan hast in miljard euro. In heal miljard sit al yn de normale begrutting en dêr komt ek noch in ynvestearring by fan 300 miljoen euro dêr't mei besocht wurdt de Fryske ekonomy te stimulearjen.

In grut part fan it ekstra jild komt út de ferkeap fan it provinsjale oandiel yn enerzjybedriuw Nuon en moat foaral foar ekstra banen soargje. Neist jild foar banen giet der jild nei skjinne enerzjy, fluch ynternet, de toeristyske sektor en it enerzjysunich meitsjen fan wenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)