Ien keatswant ôfkard op PC

30 jul 2014 - 10:24

Op de PC yn Frjentsjer is woansdeitemoarn in want fan ien fan de keatsers ôfkard. De want fan Patrick Scheepstra fan Frjentsjer kaam net troch de wantekeuring. Hy wie fjouwer gram te swier. In want mei op syn meast 200 gram weagje, neffens de regels fan de PC.

Der is bot diskusje oer it ferstevigjen fan wanten, om sa hurder slaan te kinnen. Guon keatsers ferstevigje har want mei epoksy. De organisaasje fan de PC wol dat net lije en kart de wanten fan alle keatsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)