Ien jier easke tsjin motorrider

08 nov 2000 - 15:11

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tiisdei ien jier finzenisstraf easke tsjin in 28-jierrige motorrider út Burgum. De man is foarich jier mei de motor ûnderút gien nei in ferkearde manoeuvre. Dêrby kaam in 30-jierrige man dy't achterop siet, om it libben.

De Burgumer hie gjin rydbewiis en ried te hurd. Justysje easke ek in motorrydferbod fan 2,5 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)